9.3 C
De Bilt

It bêst Frysktalige redaksjestik wûn troch Doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum

WytmarsumIn krystferhaal is it bêste Frysktalige redaksjestik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It krystferhaal is skreaun troch redaksjelid Wim Beckers fan doarpskrante De Koepel út Wytmarsum. It stik is keazen út santjin ynstjoeringen.

De prizen

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De útrikking fan dizze lustrumedysje barde digitaal.

De twadde priis (200 euro) is foar in kollum, skreaun troch Nathalie Oliveiro, redaksjelid by de Doarpskrante fan Easterein en de tredde priis (100 euro) wie foar it stik  ‘Dames Faber sjogge werom op dokumintêre’, skreaun troch Marije Postmus fan Diggelfjoer út Wommels.

Ambassadeurs fan it Frysk

It is de fyfde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Frysktalige redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wêr’t de útrikking oars yn it Gysbert Japicxhûs wie, moast dy no digitaal.

Santjin Frysktalige teksten

Yn totaal hat de gemeente santjin Frysktalige teksten krigen, fan acht doarpskranteredaksjes. Wethâlder Mirjam Bakker: “Prachtich dat der it ôfrûne jier wer safolle moaie tekskten ynstjoerd binne. It is foar de Fryske taal belangryk dat minsken yn it Frysk skriuwe en it is in moai sinjaal dat der yn sa’n nuver jier dochs santjin teksten ynstjoerd binne!”

De sjuery

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “De sjuery kriget it alle jierren krekt wer wat dreger. Dat is in opbou dy’t wy graach fêsthâlde. En sjoen de ynstjoeringen fan dit jier, dêr’t in moai ferskaat yn sit fan sawol foarm as ynhâld, moat dat de kommende jierren grif ek slagje. It bewiist dat de Fryske taal libbet en kreatyf brûkt wurdt.” Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer, yllustrator en muzikant Paul van Dijk.

Dit jier wurdt de priisfraach op ’e nij útset. Nij is dat der ditkear ek teksten yn it Stedsk ynstjoerd wurde kinne en dat de redaksjeleden fan Hylpen oantrune wurde om teksten yn it Hylpersk yn te stjoeren. “Wy wolle net allinne omtinken foar it Frysk freegje, mar ek foar de streektalen út ús gemeente. De priisfraach is dêr in moai middel foar”, jout wethâlder Bakker oan.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio