5.5 C
De Bilt

Stoffel Zandstra fan De Lemmer wint Fryske Kultuerpriis 2020

De Fryske Marren – Stoffel Zandstra fan De Lemmer hat de Fryske Kultuerpriis 2020 fan De Fryske Marren wûn. Wethâlder taalbelied Luciënne Boelsma ferraste him juster thús mei it útrikken fan in cheque fan €750,-.

Nijsgjirigge Fryske kulturele inisjatyf

Gemeente De Fryske Marren rikt jierliks in priis út oan it bêste, moaiste of meast nijsgjirrige Fryske kulturele inisjatyf. De gemeente wol mei dizze priis it brûken fan it Frysk stimulearje en ferbynt der in jildpriis oan fan €750,-. De sjuery bestiet út Jelle Wesselius, Hendrik Boonstra en Douwkje Douma-Zijlstra.

Stoffel Zandstra

Stoffel Zandstra fan De Lemmer is nominearre troch ferskate persoanen en ferieningen út it doarp. Zandstra is dan ek op in protte terreinen aktyf, as ûnder oare sjonger, skriuwer fan strips oant teaterstikken, produsint en muzikant. Hij brûkt derby net allinnich it Frysk, mar hat der tegearre mei syn kompanjon Wim Swart foar soarge dat der in nije ympuls jûn is oan de eigen doarpstaal, it Lemsters.

Filmkes

Omdat der troch corona net ien by de útrikking wêze mocht, is der in filmke fan makke. Ek binne der filmkes makke fan in tal minsken dy’t Zandstra nominearre hawwe. Jo fine it filmke op https://youtu.be/6gZO7ur2saY.

Letter troch corona

Oare jierren wie it tradysje dat de Fryske Kultuerpriis útrikt waard op de nijjiersresepsje fan de gemeente. Troch corona koe dat net trochgean. Dat is noch efkes duorre hat foardat de priis útrikt is, is omdat wy de hoop hienen dat der al wer wat mear mooglik wêze soe. Omdat dit der op it stuit noch net op liket, is de priis no op dizze wize útrikt.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio