16 C
De Bilt

Positive begrutting Noardeast-Fryslân stipet ynwenners yn drege tiden

De begrutting fan 2023 fan de gemeente Noardeast-Fryslân lit in posityf byld sjen fan € 5,4 miljoen. Dat wurdt yn in skaad setten troch de finansjele soargen fan in soad ynwenners, ferieningen en bedriuwen. Dit komt benammen troch de hege enerzjykosten. Dêrom is der yn de begrutting njonken nij belied ek jild foar it stypjen fan ynwenners, ferieningen en bedriuwen dy ’t it finansjeel dreech hawwe. Bygelyks by it duorsumer meitsjen fan wenningen en pannen. It kolleezje leit de begrutting op 3 novimber foar in beslút foar oan de gemeenteried.

It fersterkjen fan de ferbining mei de mienskip stiet foarop                    

By nij belied stiet dat sintraal. Tegearre mei de spearpunten wenjen, soarch, ekonomy en duorsumens. Dat is ek yn line mei wat de ried wol. De kommende jierren binne der ferskate regelingen om de leefberens op it plattelân te fergrutsjen. Sa komt der foar de kommende trije jier € 900.000 ekstra yn in doarpe – en wykfûns foar inisjativen út de mienskip wei. Dêrneist is der ûnder oare omtinken foar de ferduorsuming fan doarpshuzen.

Der komt ekstra jild foar it fersneljen fan de bouplannen yn benammen de doarpen

Dêrfoar wurdt mei-inoar rom € 450.000, – beskikber steld. Ek binnen de soarch wurdt foar ien kear mear jild útlutsen. Nammentlik foar in bettere ferbining mei it ûnderwiis en it wolwêzenwurk.

Dêrmei wurdt de soarch tichterby organisearre tsjin struktureel legere kosten. As it giet om duorsumens sette wy benammen yn op it tsjingean fan enerzjyearmoede en it fersneljen fan de enerzjytransysje. Hjir hawwe ynwenners in lange tiid profyt fan. Dêrneist wurdt der ynset op regio Noardeast-Fryslân as topregio; mei de gemeente Noardeast-Fryslân en regiostêd Dokkum as wichtich ûnderdiel.

Begrutting Noardeast-Fryslan 2023
Beeld: gemeente Noardeast-Fryslan

It kolleezje wol ienmalich ynvestearje om ek yn de takomst finansjeel sterker te stean

Foar de jierren nei 2023 stiet de gemeente der finansjeel ek goed foar. Foar 2026 sjocht it der spitigernôch folle minder posityf út, trochdat it Ryk foars minder jild jout. “Dêrom wolle wy mei it ekstra jild dat wy no krije, ienmalich ynvestearje. Benammen op it mêd fan soarch en duorsumens. Sa kinne wy foar de takomst finansjeel foardiel helje en ús strukturele posysje fersterkje,” seit wethâlder Jouke Douwe de Vries.

Yn de Perspektyfnota stiet al jild foar de nijbouplannen fan de skoallen

Yn de begrutting is rekken hâlden mei de € 1,5 miljoen foar de jierlikse kapitaallêsten. Dat jildt ek foar de kosten fan de nije rûnwei om Wânswert, sadat dy ek op koarte termyn oanlein wurde kin. Dêrneist wurdt de OZB beferzen, sadat huzebesitters yn dizze finansjeel drege tiid net mei hegere wenlêsten te meitsjen krije.

De gemeenteried nimt it beslút oer de begrutting

Dat bart op 3 novimber yn de riedsgearkomste. Dizze is live te folgjen fia Streekomrop RTV NOF, digitaal TV kanaal 20 by Kabelnoord, streams op www.rtvnof.nl of fia de livestream op www.riednoardeast-fryslan.nl. Hjir kinne jo ek de fergaderstikken fine.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio