It ein fan de Centrumregeling betsjut dat de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel op 1 jannewaris 2024 troch ûntflechting, wer in eigen organisaasje hawwe. De tariedings begûn begjin dit jier. En no, healwei it jier, meitsje wethâlders Rommy Kempenaar en Jouke Douwe de Vries de balâns op: “Der moat noch in soad barre, mar der is ek al in soad berikt. De ûntflechting is helber en ferrint neffens plan.”
De helberens is toetst oan de hân fan kritearia
Yn it Opheffingsplan fan Deloitte fan desimber 2022 is al oanjûn dat de helberens fan de opheffing fan de Centrumregeling op 30 juny 2023 toetst wurde moat. Bestjoerlike en amtlike fertsjintwurdigers fan beide gemeenten formulearden kritearia derfoar en dêroan is foldien. It proses fan foarriedige pleatsing is ôfrûn. De ferdieling fan materjeel is fêststeld en de planning is ree foar oerdracht op 31 desimber 2023. Ek de fermogensbestândielen lykas kontrakten, fysyke argiven, finânsjes en brûklien- en ûnderhâldsoerienkomsten binne definityf ferdield. Der leit in ICT-ûntflechtingsplan klear, wêrby’t foar it sosjaal domein in oergangsregeling foarsteld is. De technyske ûntflechting fan it sosjaal domein wurdt healwei 2024 ôfrûne.
Dantumadiel beneamde direksje en teamlieders, meiwurkers binne foarearst pleatst
Yn maaie begong – ûnder de regy fan in ûnôfhinklike pleatsingskommisje – de belangstellingsregistraasje foar meiwurkers. 119 meiwurkers makken hjir gebrûk fan. De pleatsing is foarriedich en yn novimber definityf. Yn de perioade fan july oant novimber hawwe meiwurkers noch de mooglikheid om in sjenswize en dêrnei – wannear’t dat nedich is – beswier yn te tsjinjen tsjin de foarriedige pleatsing. Foar de direksje en teamlieders fan Dantumadiel is, folgens sosjaal plan, in werving- en seleksjeproseduere folge.
Fan ien nei twa krêftige gemeentlike organisaasjes dy’t der klear foar binne
Beide wethâlders sjogge posityf foarút nei 2024. Wethâlder Rommy Kempenaar: “De gemeente Dantumadiel is in foarbyld fan wurkje mei koarte linen. It bestjoer en de organisaasje binne altyd tichtby en tagonklik. Wy wolle ek in learende organisaasje wêze en bliuwe. Wy wolle meigean mei ûntwiklingen binnen fakgebieten, jonge talinten coache en in ûmjouwing kreëarje wearby’t eltsenien fan inoar leare kin.”
Noardeast-Fryslân gripet de situaasje ek oan om mei nije enerzjy ynfolling te jaan oan de misje en fyzje fan de organisaasje. Wethâlder Jouke Douwe de Vries: “Nei de ûntflechting bliuwt in organisaasje oer dy’t mei elan de útdagingen oppakke kin foar ien gemeente, ien bestjoer en ien mienskip. Wy bliuwe dat tegearre mei de mienskip en ús meiwurkers dwaan. Fan 2024 ôf kinne wy ús wer hielendal op ‘e eigen gemeente rjochtsje. Dat jout kânsen en jout in enoarme ympuls oan de útgongspunten en kearnwearden út ús bestjoerings- en organisaasjefilosofy.”
Noardeast-Fryslân bliuwt nei de ûntflechting fan de Centrumregeling tsjinsten ferliene op in beheind tal beliedsearme terreinen
Dit sil wêze op de ûnderdielen Reiniging, Garage, Basisregistraties, Belastingen, Salarisadministratie en Functionaris Gegevensbescherming. Beide gemeenten slúte dêrfoar in tsjinstferlieningsoerienkomst mei inoar ôf.