Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnaam wêryn ’t sy it gedicht Geen ode zonder pijn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert. Ek fertelt Marrit Jellema wat se as Stadsdichter berikke wol; se wol yn kontakt komme mei alle doarpen en wiken en sa poëzy yn de hiele gemeente Ljouwert ta libben bringe. Ek draacht se by offisjele gelegenheden in eigen gedicht foar.
Geen ode zonder pijn, de titel seit it al, is in oade oan Ljouwert dy ’t ek de tsjustere kanten fan de stêd net mijt. It binne twa persoanlike momintopopnamen, de earste doe ’t Marrit Jellema 17 jier âld wie en de twadde op 21 – jierrige leeftiid.
Besjoch de fideo
De fideo is makke troch Jeroen van de Bovenkamp en Annelies Visser. It is hjir te sjen.
Ek is de fideo te besjen op de webside www.leeuwarden.nl/stadsdichter en fia de social-mediakanalen fan de gemeente.
Wa is Marrit Jellema?
Marrit Jellema is skriuwer, spokenwordartyst en dichter. Op 30 jannewaris waard se útroppen ta Stedsdichter fan de gemeente Ljouwert. Dat is se oant jannewaris 2026. Se wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘ lyrics ’. Yn juny 2021 kaam har spûken wurd debútalbum superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn de finale fan it NK Poetryslam.
Begjin 2023 wie de release fan har twadde album, Voor Altijd. Marrit folge fan april 2021 oant febrewaris 2023 it Urban Arts Talent trajekt fan it Fonds voor Cultuurparticipatie om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Se jout geregeld workshops poëzy en spoken word, organisearret tegearre mei Explore The North en City of Literature Ljouwert it spoken-word-evenemint ‘ Hoge Woorden ‘ en stiet op poadia troch it hiele lân.