10.2 C
De Bilt

Subsydzje foar Betinkingsjier 80 jier frijheid? Tink der om dat jo oanfraach foar 20 jannewaris binnen is.

Yn 2025 betinke en fiere wy 80 jier frijheid. Wolle jo in aktiviteit organiseasje? Dan is der in spesjale subsydzjeregeling ‘betinking 80 jier frijheid’. Hjirmei wol de gemeente Noardeast-Fryslân lokale organisatoaren fan dizze aktiviteiten foar dit lustrumjier finansjeel stypje.

Wa kinne der subsydzje oanfreegje?

Ferienigingen, stichtingen, koöperaasjes en groepen fan minimaal 5 persoanen út de gemeente Noardeast-Fryslân kinne subsydzje oanfreegje.

Hoe heech is de subsydzje foar betinkingen?

Ofhinklik fan it tal oanfragen is de subsydzje maksimaal € 3.750,- per oanfraach. Der is yn totaal € 100.000,- te ferdielen.

Organisearje jo in ‘gewoane’ jierlikse 4 en 5 maaie aktiviteit?

Hjirfoar jildt de gebrûklike subsydzjeregeling ‘Aktiviteiten betinkingen Noardeast-Fryslân’.

Mear ynformaasje op ‘e webside

De regeling wêryn de betingsten stean om foar de subsydzje yn oanmerking te kommen én it oanfraachformulier fine jo fia de webside fan de gemeente www.noardeast-fryslan.nl/80jaarvrijheid

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio