23.1 C
De Bilt

Nominear moaiste taalinisjatyf foar fjirde Taalpriis Waadhoeke

Op 21 febrewaris wurdt de UNESCO Dei fan de Memmetaal hâlden. Dizze dei is yn it libben roppen om it ferskaat oan talen oer de hiele wrâld te fieren. En wa’t ferskaat oan talen seit, seit fansels Waadhoeke: mei neist it Nederlânsk ek it Frysk, Bildts en Franekers is der yn dit lân gjin gemeente dy’t kwa taal sa ryk is as Waadhoeke. Dat fiere wy sûnt 2023 mei de Taalpriis Waadhoeke. Nominear no it beste or moaiste taalprojekt!

Om de aigen talen en taalrykdom in ’t sontsy te setten, hout de gemeente op 21 febrewary 2026 de fierde Taaldâg. De eerste Taalpriis Waadhoeke gong in 2023 na de makers fan ’t Franeker Woardeboek, in 2024 waar de eer foor ’t Iepenloftspul fan Spannum en in 2025 kreeg de Bildtse Skeurkalinder de priis.

Nominere!

’t Nominearen foor de Taalpriis 2026 kin nou weer beginne! Hewwe jou as ondernimmer ’n aksy had die’t met een fan de Waddenhoekster talen te krijen had? As beweuner op ’n besondere menier andacht froegen foor de aigen taal? Of as taalorganisasy wat spesjaals deen om taal te promoten?

Nominear dan ut projekt, inisjatyf  òf de aksy en maak kâns op de Taalpriis fan gemeente Waadhoeke! Wij soeke projekten òf aksys dy’t sichtbaar weest binne, dy’t plakfonnen hewwe in de gemeente en dy’t om ut Franekers, Bildts òf Frys gongen. Un indifiduele bewoaner òf ondernimmer maakt evensugoëd kâns as un groatere (taal)òrganisasy. De sjuery sil de nominasys foaral beoardele op orizjinaliteit, kréativiteit en de reaksys fan mînsen op de aksy òf ut inisjatyf.

Ynfo

Nominearje kin troch in mail te stjoeren nei: g.dejong@waadhoeke.nl û.f.f. ‘Taalpriis’, en skriuw ús werom at jo taalaksje – of dy fan in oar – de priis fertsjinnet. Ynstjoere kin oant en mei snein 25 jannewaris 2026. Stjoer foaral ek wat mei om de nominaasje te stypjen, sa as foto’s, social media of berjochten út de parse. En wa wit winne jo ynisjatyf yn febrewaris de fjirde Taalpriis Waadhoeke!

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio