Dit jier slút ek gemeente Achtkarspelen oan by Jou in bern in boek, it inisjatyf om bern oan te moedigjen om Frysk te lêzen en te skriuwen. Al 16 jier krije de bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en Bibliotheken Noord Fryslân. No’t gemeente Achtkarspelen meidocht, wurde der sa’n 900 boeken útdield. Op 28 oktober rikte wethâlder Aant Jelle Soepboer de earste boeken út oan skoalbern yn Koatstertille.
Al 16 jier oandacht foar Frysk lêze en skriuwe
Dit jier krije alle bern fan groep 5 yn de twa gemeenten (sa’n 900) it boek De Goargels kado. It boek is útjûn troch de Afûk en in oersetting fan de populêre reeks fan kabaretier Jochem Myjer. Wethâlder Aant Jelle Soepboer oerhandige de earste boeken oan de bern fan de groepen 5 fan de Oranje Nassau skoalle, Obs De Balkwar en Cbs De Merlettes yn Koatstertille. Wethâlder Soepboer: “Ik fyn it geweldich dat wy dit jier mar leafst 900 bern bliid meitsje kinne mei dit machtich moaie boek.
It is belangryk dat bern net allinnich yn har memmetaal prate mar ek gauris lêze en skriuwe, dat soe wat my oanbelanget de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte. Eins soe it Frysk as memmetaal folle mear omtinken ha moatte by taallessen, wy gean noch fierstente folle út fan it Nederlânsk.” Wethâlder Sierd Vegelin (behindere by de útrikking) fan Achtkarspelen heakket dêr oan ta: “Jong leard is âld dien en dêr leverje wy foar wat it Frysk oanbelanget, graach in bydrage oan troch mei te dwaan oan ‘Jou in bern in boek’. Tank oan myn kollega wethâlder Soepboer dat er de honneurs waarnimt foar my en de boeken útdielt oan de bern yn Koatstertille.”
Feestlike start yn Koatstertille van Jou in bern in boek
Sa’n 40 bern út groep 5 fan de basisskoallen út Koatstertille ha in feestlike moarn hân yn It Tillehûs mei in nijsgjirrich programma om it boek hinne. De bern seagen in fideoboadskip fan skriuwer Jochem Myjer en dienen mei oan in spannende kwis. Alle bern gongen mei it boek De Goargels ûnder de earm wer nei hûs.
De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan Bibliotheken Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeenten Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en de Roobol skoallen yn Dantumadiel del mei de boeken foar groep 5. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten by Jou in bern in boek.
Oer Jou in bern in boek
It projekt Jou in bern in boek is 16 jier lyn begûn in gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten. Dit jier is it foar it earst dat gemeente Achtkarspelen meidocht.