7.2 C
De Bilt

FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel kiest Freddy de Haan út Burgum as de nije listlûker

Tytsjerksteradiel – Freedtemiddei – 3 desimber 2021 – hawwe de leden fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel yn in algemiene ledegearkomste yn It Maskelyn yn Hurdegaryp – ûndersteande kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei 16 maart 2022 fêststeld.

Freddy de Haan nije listlûker FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel

Freddy de Haan is al 8 jier in entûsjast riedslid dy’t midden yn ’e mienskip stiet en maklik tagonklik is foar alle ynwenners fan ús gemeente. De leden fan de FNP hawwe alle betrouwen yn Freddy as listlûker foar in kampanje mei in soad sukses by de kommende ferkiezingen. De kommende riedsperioade sil Freddy ek iepen stean foar alle fragen en ideeën om sa foar de minsken in waarme ferbining te meitsjen mei it riedswurk.


De ôfdieling is ek grutsk op de hiele kandidatelist mei in goede ferdieling oer alle doarpen. De hjoeddeistige riedsleden steane heech op ’e list en hawwe in soad ûnderfining yn it riedswurk en litte wiere maatskiplike belutsenens sjen.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio