8.9 C
De Bilt

Wynser Courant winner Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

De Wynser Courant is mei it artikel ‘Weissensee’ winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. Der is in priis fan 500 euro beskikber steld om it brûken fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Op 23 maaie hat wethâlder Andries Bouwman de priis útrikt yn ytkafee De Winze yn Wyns.

“Jimme leden fan de redaksje binne ambassadeurs fan de Fryske taal en in foarbyld foar oare redaksjes fan doarpskranten en websiden yn ús gemeente,” prize wethâlder Andries Bouwman de winners. Mei dizze priis jout de gemeente útfiering oan har Frysk taalbelied, it stimulearjen en oanmoedigjen fan it brûken fan de Fryske taal.

Goed nivo fan it Frysk in Wynser Courant

In saakkundige sjuery besteande út Douwkje Douma fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media hat út alle ynstjoerings it artikel oer ‘Weissensee’ fan de redaksje fan de Wynser Courant útkeazen. It wie in ynhâldlik goed stik, it lies flot en mei in soad nocht, it nivo fan it Frysk wie goed en it wie in stik fan in behoarlike omfang.

Tsien reaksjes in Tytsjerksteradiel

De gemeente hat begjin dit jier foar de twadde kear in oprop dien foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn Tytsjerksteradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. De oprop hat tsien reaksjes opsmiten. De redaksjes fan media út de doarpen Aldtsjerk, Eastermar, Garyp, Jistrum, Mûnein en Readtsjerk, Ryptsjerk en Wyns hawwe in ferskaat oan Frysktalige artikels ynstjoerd. It wienen bygelyks artikels oer it skûtsjesilen, poddestuollen, krystfeest en sudoku.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio