Noardeast-Fryslân – Lêze is hiel wichtich foar de taalûntwikling fan bern. Op skoalle lêze de bern in soad. Meikoarten is it simmerfakânsje. Om de bern te stimulearjen ek yn de simmer troch te setten mei it lêzen krije álle bern fan groepen 6 in fakânsje-lêstaske oanbean.
Lêstaske foar de bern
Hjiryn sit it boek “Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse” (skreaun troch Koos Meinderts en oerset troch Eppie Dam). Der sit ek in boekenlizzer en in stikkerfel fan “Praat mar Frysk” fan de Afûk by. Mei de lêstas wol de gemeente Noardeast-Fryslân de bern stimulearjen om te lêzen yn harren memmetaal.
De earste tassen binne útdield
Op tongersdeitemiddei 26 juny hat wethâlder Hanneke Jouta de earste tassen útdield oan groep 6 fan basisskoalle Aasterage yn Marrum. Yn totaal wurde der 500 boeken útdield. Wethâlder Jouta: “It is belangryk dat bern net allinich yn harren memmetaal prate, mar ek lêze en skriuwe. En boppedat is in boek lêze ek ûntspanning en dat past moai by de simmerfakânsje”.