De gemeente Dantumadiel set útein mei in projekt om it Frysktalich skriuwen ûnder skoalbern yn de gemeente te ferbetterjen. Op 4 skoallen yn de groepen 7 en 8, wurde lessen jun oer it fertellen en skriuwen fan Fryske ferhalen. De skoallen dy’t meidogge binne CBS De Boustien en IBS It Pompeblêd beide yn De Westereen, de Th. De Vriesskoalle yn Feanwâlden en de Dr. J. Botkeskoalle yn Damwâld.
“Foar in soad bern yn Dantumadiel is it Frysk harren memmetaal. Der wurdt in soad Frysk praat. It skriuwen bliuwt der wat op efter. Ik hoopje dat dizze lessen der oan bydrage dat bern it Frysk ek mear skriuwe sille”, sa seit wethâlder Rommy Kempenaar.
Priis foar it moaiste Frysktalich ferhaal
De lessen binne fuortdaliks nei de hjerstfakânsje útsein set. As ófsluting komt skriuwster Lida Dijkstra by de skoallen del om te fertellen oer hoe’t ferhalen skreaun wurde. Wethâlder Rommy Kempenaar wie 15 novimber op basisskoalle It Pompeblêd yn De Westereen om te sjen hoe’t Lida Dijkstra de skriuwersles jûch.
Under de skoallen is in wedstryd útskreaun Wa’t it moaiste ferhaal skriuwt, dy kriget in priis.