Dantumadiel – De riedseal fan de gemeente Dantumadiel beskikt fan no ôf oan oer in kamerasysteem. Hjirmei wurde de riedsgearkomsten útstjoerd en fêstlein yn byld en lûd. Oant no ta waard allinnich it lûd fêstlein. De ried wol hjirmei foar elkoar besykje te krijen dat de belutsenens fan de ynwenners mei it gemeentebestjoer grutter wurdt. De ried is ynnommen mei it feit dat men werom kin nei fisike gearkomsten en it publyk it op dizze wize mooglik te meitsjen om dy te folgjen fia de gemeentlike website.
Gearkomsten Riedseal
Der wurdt gebrûk makke fan in fêste kamera-opstelling en ynstellings dy’t foarôf fêstlein binne. It is mooglik om kombinearre gearkomsten te hâlden mei persoanen dy’t sels net yn ‘e riedseal oanwêzich wêze kinne.