Burgum – It ferhaal fan ‘Ik wol libje’: Londen. Twa wrâlden dy’t op it earste each neat mei-inoar hawwe. En dochs ûntdekke se in mienskiplike striid: se wolle net ûnderdrukt wurde, mar sjoen wurde, heard wurde, libje.
Yn Ik wol libje! wurde dizze wrâlden byinoar brocht yn in swingende en oangripende muzikale foarstelling. It Grut-Brittanje fan de jierren ’80 is it toaniel: de mynwurkers komme yn ferset, HIV grypt om him hinne en Thatcher regeart mei hurde hân. Yn dy drege tiid ûntstiet in ûnferwachte freonskip, fol mei humor, jierren-80-hits en striidlust.
Jong Frysk talint
Iepenloftspul Burgum jout de romte oan jonge talinten út ús provinsje: Mei teksten fan Raymond Muller, muzikale lieding troch Jelmer Scholte en rezjy fan teatermakker Romke Gabe Draaijer sil Ik wol libje! in muzikaal en teatraal iepenloftfeestje wurde, spile tsjin de rauwe eftergrûn fan de ENGIE-fabryk yn Burgum.
Data audysjes en foarstellingen ‘Ik wol libje’
Yn novimber binne de audysjes. Wy sykje in Margaret Thatcher dy’t û.o. optrede sil as leadsjongeres fan in band. Derneist binne san 18 haad- en bijrollen fan alle leeftiden. Wa’t mear witte wol oer data en it opjaan, kin terjochte op ús webside www.iepenloftspul.nl. De foarstellingen sille plakfine yn septimber 2026.
