It projekt “Jou in bern in boek” is wer fan start. Moandeitemiddei hat de earste útrikking fan it boek “Nee hast, ja kinst krije-it ferhaal fan Lytse Yerke” plak fûn. It boek is útrikke by de Pleats yn Burgum oan de bern fan basisskoalle “It Partoer” út Burgum.
Gearwurking tusken 4 gemeenten
It projekt jou in bern yn boek is in gearwurking tusken de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Tidens it startmomint wienen de wethâlders Hanneke Jouta, Gerben Wiersma,Tytsy Willemsma en Tjibbe Brinkman oanwêzich.
It boek ‘’Nee hast, ja kinst krije-it ferhaal fan Lytse Yerke’’ is skreaun troch Thys Wadman en de yllustraasjes binne makke troch Wim Swart. Dizze beide mannen wienen ek by de lansearring fan it projekt oanwêzich en hawwe wat fertelt oer it skriuwen fan in (Frysk) boek en oer it meitsjen fan yllustraasjes. Sterke Yerke wie der ek ûnder begelieding fan twa muzikanten dy’t in prachtich seemansliet mei de bern songen hawwe.
Alle Bern út groep 5 krigen yn boek
De kommende wiken sille de lêskonsulinten fan Biblioteken Noard Fryslân en fan Tytsjerksteradiel op alle skoallen yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen del mei de boeken foar groep 5. Foar it earst docht folslein Dantumadiel no mei, en ek de gemeente Tytsjerksteradiel.
Oer Jou in bern in boek
It projekt “ Jou in bern in boek” is 18 jier lyn úteinset yn de gemeente Ferwerderadiel, sûnt de 16e edysje hat ek de gemeente Achtkarspelen har hjir by oan sletten. It makket diel út fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de gemeentlike weryndieling hat de gemeente Noardeast-Fryslân it projekt fuortset. De wurkgroep bestiet út Joke Scheffer, Jan Jarig van der Tol, Tjitske van der Velde, Suzanne Seepma en Wietske Poelman.