4.7 C
De Bilt

Nomineare foar de tredde Taalpriis Waadhoeke!

Nominear no it beste or moaiste taalprojekt út Waadhoeke! Op 21 febrewaris wurdt de UNESCO Dei fan de Memmetaal hâlden. Dizze dei is yn it libben roppen om it ferskaat oan talen oer de hiele wrâld te fieren. En wa’t ferskaat oan talen seit, seit fansels Waadhoeke: mei neist it Nederlânsk ek it Frysk, Bildts en Franekers is der yn dit lân gjin gemeente dy’t kwa taal sa ryk is as Waadhoeke. Dat fiere wy sûnt 2023 mei de Taalpriis Waadhoeke. Nominear no it beste or moaiste taalprojekt!

Om de aigen talen en taalrykdom in ’t sontsy te setten, hout de gemeente op 21 febrewary 2025 de dârde Taaldâg. De eerste Taalpriis Waadhoeke gong in 2023 na de makers fan ’t Franeker Woardeboek, forig jaar waar de eer foor ’t Iepenloftspul fan Spannum. ’t Nomineren foor de Taalpriis kin nou weer beginne! Hewwe jou as ondernimmer ’n aksy had die’t met een fan de Waddenhoekster talen te krijen had? As beweuner op ’n besondere menier andacht froegen foor de aigen taal? Of as taalorganisasy wat spesjaals deen om taal te promoten?

Nominear

Nominear dan ut projekt, inisjatyf of de aksy. Wij soeke projekten of aksys die’t sichtbaar weest binne, die’t plakfonnen hewwe in de gemeente en die’t om ut Franekers, Bildts of Frysk gongen. Beweuners of ondernimmers make like goed kâns as ’n groatere (taal-)organisasy. ‘n Deskundige sjury sil de nominasys beoordele op orizinelens, kreätiviteit en de reaksys fan mînsen op de aksy of ut inisjatyf.

Nominearje kin troch in mail te stjoeren nei: g.dejong@waadhoeke.nl û.f.f. ‘taalpriis’, en skriuw ús werom at jo taalaksje – of dy fan in oar – de priis fertsjinnet. Ynstjoere kin oant en mei snein 26 jannewaris 2025. Stjoer foaral ek wat mei om de nominaasje te stypjen, sa as foto’s, social media of berjochten út de parse. En wa wit winne jo ynisjatyf yn febrewaris de tredde Taalpriis Waadhoeke!

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio