Sneon 24 septimber o.s. sil de 75e betinking fan Slach by Warns plak fine. Dit jier sil Albert van der Ploeg sprekke oer it ferline en de takomst fan it buorkjen. Syb van der Ploeg sil, begelaat troch Wiebe Kaspers, in tal lieten sjonge en Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, draacht in tal eigentiidske gedichten foar.
75e betinking
Nei ôfrin is der in forumdiskusje mei de sprekker, wethâlder Henk de Boer fan Súdwest Fryslân, geiteboer Wilbert Boersma en de lêtst buorkjende boer fan Skarl. De betinking is op it Reaklif by Warns en begjint om 13.45 oere. Foar mear ynfo kinne jo sjen op slachbywarns.frl.
De Slach by Warns wurdt elk jier betocht op de sneon dy ’t it meast tichteby Leaffrouwedei (26 septimber) leit.
Op it Reaklif by Warns stiet sûnt 1951 in monumint, in grutte balstien mei de wurden “leaver dea as slaef”. (Boarne: Slach by Warns).