Op tiisdei 21 febrewaris rikt wethâlder Chris van Hes út namme fan de sjuery de Fryske Kultuerpriis 2021-2022 út. De útrikking fynt dit jier plak yn it riedshûs fan Balk, Dubbelstraat 2, Balk. Jo binne fan herte útnûge om hjirby oanwêzich te wêzen.
Werom dizze kultuerpriis
Yn gemeente De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta.
Juery
Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet dit jier út Douwkje Douwema, Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.
Priis
De priis bestiet út in bedrach fan €750,-. Nij is dat wy de priis fertoan útrikke op de ynternasjonale ‘dei fan de memmetaal’, op 21 febrewaris 2023. De lêste kear wûn Stoffel Zandstra fan De Lemmer. Wa’t no wint wurdt pas by de útrikking bekind makke.
Koartsein
Utrikking Fryske Kultuerpriis 2021-2022
Tiisdei 21 febewaris, 16.00 oere
Riedshûs Balk (Dubbelstraat 2)