11.8 C
De Bilt

Doarpskrante de Koekoek winner priis Fryske doarpssjoernalistyk

Woansdei is foar de tredde kear de priis foar de Fryske doarpssjoernalistyk fan Tytsjerksteradiel útrikt. De winner fan dit jier is doarpskrante ‘De Koekoek’ fan Sumar. Skriuwer fan it stik, Sumarder Ids Krol, brocht mei in artikel de famyljeskiednis fan Wierd en Detje de Boer en harren bern yn byld mei in ‘boelguodboekje’ as oanlieding. It kolleezje stelt in priis beskikber foar ‘it bêste Frysktalige artikel’ fan in doarpskrante of doarpswebside yn de gemeente. Doel is om it Frysktalich skriuwen en lêzen op dizze wize te befoarderjen.

Boereboelguod yn Sumarreheide yn Doarpskrante de Koekoek

De saakkundige sjuery besteande út Skelte Anema fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media hat út alle ynstjoerings it artikel fan Ids Krol útkeazen. De sjuery fûn it stik tige nijsgjirrich. It giet oer de famylje De Boer fan Sumarreheide, of eins foaral oer widdo Detje Wolters Tiekstra en har tsien bern.

Wethâlder Tytsy Willemsma hat de priis útrikt yn doarpshûs De Kamp yn Sumar: “It is in eare hjoed de priis foar doarpssjoernalistyk út te rikken. In priis dy’t stil stiet by de ferhalen dy’t ús bine en ferbine. De ferhalen fan doe en no. Ids Krol is in ferhaleferteller ‘pur sang’. En dat tilt in doarpskrante op nei in heger nivo fan ferbining. In aspekt dat wy hjoed-de-dei hurd nedich ha. De Koekoek wurdt tige wurdearre yn it doarp en dat is in fertsjinste fan de hiele redaksje.”

Trettjin reaksjes

Der binne yn totaal 13 artikels ynstjoerd út ‘e doarpen Earnewâld, Eastermar, Garyp, Hurdegaryp, Jistrum, Mûnein en Sumar. Lykas twa jier lyn wie it nivo fan de stikken better as de earste edysje.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio