5.8 C
De Bilt

15e edysje Jou in bern in boek yn Noardeast-Fryslân

Noardeast-FryslânDit jier is it de 15e edysje fan Jou in bern in boek. Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en de Bibliotheek Noord Fryslân.  Op 5 novimber rikte wethâlder Fedde Breeuwsma it earste boek fan de 15e edysje út yn Hallum.

Al 15 jier oandacht foar Frysk lêze en skriuwe

Dit jier krije alle bern fan groep 5 (sa’n 530) it boek Hero kado. It boek is skreaun troch Martha Attema en útjûn troch de Afûk. It boek is twatalich: Frysk en Ingelsk. Wethâlder Fedde Breeuwsma oerhandige it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaak en Gabe. Sy kamen oan op in Frysk hynder. Wethâlder Breeuwsma: “Ik fyn it belangryk dat bern net allinnich yn har memmetaal prate mar ek gauris lêze en skriuwe. Ik fyn it hiel moai dat wy dêr al 15 jier in bydrage oan leverje.”

uc?id=1A1Y30FOngmQP sCG2XsDLo nZJ3G8STo
15e edysje Jou in bern in boek – Foto NoardEast Fryslan

Feestlike start 15e edysje Jou in bern in boek

Sa’n 90 bern út groep 5 fan de basisskoallen út it eardere Ferwerderadiel ha in feestlike moarn hân yn Hallum mei in nijsgjirrich programma rûn it boek. De bern koenen fia it byldskerm prate mei de skriuwster fan it boek, Martha Attema. Sy wennet yn Kanada en kaam der spesjaal midden yn ‘e nacht foar út bêd wei. Willem Sonnema fan it Koninklijk Fries Paarden-Stamboek fertelde oer it bysûndere fan Fryske Hynders. Oersetter Martsje de Jong lei oan de bern út hoe’t se it boek Hero oerset hat fan it Ingelsk nei it Frysk. En der ward ek noch knutsele. Alle bern gongen mei it boek ûnder de earm wer nei hûs.

De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan de Bibliotheek Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeente Noardeast-Fryslân del mei de boeken foar groep 5. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.

Oer Jou in bern in boek

It projekt Jou in bern in boek is 15 jier lyn begûn in gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten. De wurkgroep bestiet op dit stuit út Joke Scheffer (learkrêft), Jan Jarig van der Tol (riedslid), Christina Walda (learkrêft), Sietske Hannema (lêskonsulint BNF), Aukje Dijkstra (beliedsamtner Frysk) en Annet Koopmans (kommunikaasje adviseur Frysk Taalbelied).

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio