‘Taal, taal, en nochris taal. It belang derfan, wy kinne der boeken oer skriuwe. It jout ús identiteit, yn talen kinne we ús uterje. Wy lústerje, prate, lêze en skriuwe. En foar eltsenien hat syn of har memmetaal in bysûnder plak’. Deputearre Sietske Poepjes wie tongersdei 3 febrewaris op wurkbesite yn Bûtenpost om te praten mei wethâlder Jouke Spoelstra oer wêr’t de provinsje en de gemeente inoar fine en oanfolje kinne. De provinsje promoatet it Frysk mei ambysje en stipet Achtkarspelen by de útwurking fan harren eigen plannen.
Taal
‘Yn Achtkarspelen is in beweging yn gong set mei ûnder oaren de skoallen, pjutteopfang en de biblioteek om der fan alles oan te dwaan om taligens te fergrutsjen en ek om posityf tsjin twa- en meartaligens oer te stean. Meartaligens en Frysk is in pree!’, sa seit wethâlder Spoelstra.
Meartalige skoalle
Guon skoallen binne al in hiel ein op paad. Sa binne der al tal fan ‘trijetalige skoallen’ dy’t it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk brûke. Fan basisskoalle it Holdersnêst út De Harkema wiene fjouwer bern nei it gemeentehûs kaam om by de bestjoerders en amtners te fertellen oer harren ûnderfiningen mei taal. Sy ha in koarte presintaasje oer harsels jûn, yn it Frysk fansels.
Ek hiene hja lêsboeken mei dy’t hja thús en op skoalle lêze, yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. Yn it petear fertelden de bern wat taal foar har betsjut: ‘As ik op de kompjûter in spultsje spylje en ik praat Ingelsk, dan kin ik mei bern fan oer de hiele wrâld prate. Thús prate wy Frysk en op skoalle in soad Nederlânsk, mar as ik op skoalle bin en lilk wurd of fertriet ha, dan gean ik daliks yn it Frysk oer want dat is myn memmetaal’.
Skoalstiper
De provinsje wol elts bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom moat op syn lêst yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. It is de bedoeling dat oan eltse skoalle (primêr en fuortset ûnderwiis) in skoalstiper ferbûn wurdt. Dizze skoalstiper ynventarisearret tegearre mei de skoalle wêr’t dy stiet en wat de skoalle noch nedich hat. In grut tal skoallen yn Achtkarspelen hat al in skoalstiper, in pear noch net. Foar wat de berneopfanglokaasjes yn Achtkarspelen oanbelanget wurdt dy rol al ynfold troch de begelieders fan SFBO.