Finer earste ljipaai krigt Oarkonde en finerslean fan De Fryske Marren

Anne Wind út Penjum hat tiisdei 5 maart út hannen fan boargemaster Fred Veenstra de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren. Dêrby krige hy ek noch syn fertsjinne finerslean. Hy fûn it aai op 5 maart, om 07.59 oere, op in stik lân by Ychtenbrêge.

Silveren Ljip foar earste ljipaaii

De útrikking fûn plak op it provinsjehûs fan Ljouwert. Wind ûntduts tiisdei nammentlik in saneamd ‘twake’ wêrtroch’t hy yn ien klap it earste aai fan Fryslân én dat fan De Fryske Marren fûn. Fan Arno Brok, kommissaris fan de kening, krige hy de ‘Sulveren Ljip’.

Oarkonde en finerslean foar finer earste ljipaai
Oarkonde en finerslean foar Anne Wind – Foto: gemeente De Fryske Marren

Let op: u reageert op een nieuwssite. Reacties worden eerst door ons gecontroleerd en kunnen openbaar worden weergegeven. Heeft u een vraag over een bericht of wilt u iets persoonlijks delen? Neem dan contact op met de organisatie in het bericht of stuur uw vraag naar onze redactie. Uw e-mailadres wordt niet gepubliceerd.

Door een reactie te plaatsen gaat u akkoord met onze Algemene Voorwaarden en het Privacy- & redactiebeleid.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio