7.3 C
De Bilt

‘Fûnemint foar moarn’: koälysje-akkoart De Fryske Marren 2022-2026

De Fryske Marren – Fol betrouwen presintearje de fjouwer koälysjepartijen it koälysje-akkoart ‘Fûnemint foar moarn’ foar de perioade 2022–2026. Mei dit akkoart ferwachtsje de partijen in stevich fûnemint del te lizzen foar de kommende jierren. It koälysje-akkoart wurdt yn de riedsgearkomste fan woansdei 13 july oan de gemeenteried oanbean. Oanslutend wurdt foarsteld om de nije wethâlders te beneamen.

Fûnemint foar moarn

Formateur Felix van Beek sjocht werom op in slagge formaasje: “Het was een langer en bij vlagen intensief proces, maar altijd gekenmerkt door een positief overleg in een prettige sfeer. De formerende partijen hebben open en eerlijke gesprekken gevoerd en elkaar gevonden op de voor hen belangrijke thema’s. Dat geeft veel vertrouwen; in elkaar en in de toekomstige samenwerking.”

Akkoart op haadlinen

‘Fûnemint foar moarn‘ is in koälysje-akkoart op haadlinen. Yn it akkoart befêstigje de koälysjepartijen net allinnich belangrike ûnderdielen fan it besteande belied, mar bringe se krekt kleur oan troch it ferwurdzjen fan har ambysjes. Dêr binnen is in soad romte foar gearwurking mei alle partijen yn de ried en mei ynwenners, maatskiplike partners en ûndernimmers.

Dy wurkwize past goed binnen de winske bestjoerlike fernijing. De koälysje hat ferlet fan in oare wize fan gearwurkjen tusken de gemeenteried, it kolleezje en de gemeentlike organisaasje én yn de omgong mei de ynwenners en ûndernimmers. De koälysje wol trochgean mei it setten fan stappen dêryn en stiet foar in transparante en iepen kommunikaasje; ek as se it op ûnderwerpen net mei-inoar iens binne.

Wethâlderskandidaten

Foar de kommende bestjoersperioade mei Fûnemint foar moarn wurdt foarsteld om fiif foarmaasjeplakken (5 fte) beskikber te stellen foar wethâlders. Lykas ek ferwurde yn it einferslach fan de ynformateur past dat by de ferantwurdlikheid fan de bestjoerders en de opjeften dêr’t it kolleezje de kommende tiid foar stiet. Seis wethâlders sille dizze formaasje ynfolje: Remboud van Iddekinge (FNP), Chris van Hes (FNP), Luciënne Boelsma-Hoekstra (CDA), Barbara Gardeniers (CDA), Janita Tabak (PvdA) en Irona Groeneveld (GroenLinks). Yn’e riedsgearkomste fan 13 july wurdt foarsteld om de wethâlders te beneamen.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio