11.9 C
De Bilt

Berneboekewike: Oandacht foar it Frysk én de natuer yn

Op woansdei 5 oktober waard op twa basisskoallen tegearre mei de wethâlders Tjibbe Brinkman (Achtkarspelen) en Tytsy Willemsma (Tytsjerksteradiel) de Berneboekewike fan dit jier ôftrape. Brinkman wie op besite by groep 1/2 fan de Twa-ikker yn Stynsgea en Willemsma wie te gast by groep 1/2 fan OS de Romte yn Tytsjerk. Op beide skoallen waard troch de wethâlders foarlêzen en mei de bern neipraat oer it aventoer fan Pod en Koekoekje.

Berneboekewike: It moat der mar jong yn

Beide wethâlders binne mei it foarlêzen út it boek ‘Ik hâld fan Pod’ dwaande mei twa wichtige ûnderwerpen van de Berneboekewike. “Jonge bern leare maklik. Troch harren al betiid kennismeitsje te litten mei it Frysk wol de gemeente it behâld en de ûntwikkeling fan de Fryske taal stimulearje”, neffens Tjibbe Brinkman. “It ferhaal fan de freonskip dy’t tusken Pod en Koekoekje ûntstiet is symboalysk foar hoe’t wy as minsken mei elkoar mar ek mei de natoer omgean moatte soenen. En dat kinst al fan jongs ôf oan leare”, follet Willemsma oan. Nei it foarlêzen gienen de bern nei it plein foar in ‘bûtenbingo’, organisearre troch Pingo&Pet (natuer-, miljeu- en duorsumheidsedukaasje foar it basisûnderwiis yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel).

Wethâlder Tjibbe Brinkman lêst foar oan de bern fan groep 12 fan de Twa-ikker
Wethâlder Tjibbe Brinkman lêst foar oan de bern fan groep 12 fan de Twa-ikker – Foto: gemeente Achtkarspelen

Fryske boeken foar skoallen en pjutte-opfang

Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hawwe de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel budzjet beskikber steld foar it oanskaffen fan Fryske berne- en jeugdboeken. De pjutte- en berneopfang likegoed as it primêr en fuortset ûnderwiis koenen in Frysk boekepakket bestelle. Likernôch 45 skoallen en 30 lokaasjes foar pjutte- en berneopfang hawwe gebrûk makke fan dy mooglikheid.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio