13.9 C
De Bilt

Nijewier kriget offisjeel as earste doarp yn Noardeast-Fryslân Frysk plaknammeboerd

Nijewier kriget op tongesdei 27 july as earste doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân offisjeel in Frysk plaknammeboerd. Hjir en dêr binne al wol guon oare buorden dy’t oan ferfanging ta wiene pleatst. Wethâlder Aant Jelle Soepboer sil it boerd tidens in lytse feestlike byienkomst yn gebrûk nimme. Dit sil wêze om 13:00 oere oere oan de Singel yn Nijewier.

Wethalder Aant Jelle Soepboer is tige optein oer dizze ‘markearring’

“De Fryske plaknammen wurde no echt foar elkenien sichtber. Ik hoopje dat wy hjirmei de bewustwurding oangeande ús moaie taal fergrutsje en dizze boargje kinne foar de takomst. It is fansels mar ien fan de stappen mar wol in wichtigen. Ek de kommende tiid sille wy trochsette mei it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk.” Ek foar besikers oan ús gebiet kin de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte fan grutte wearde wêze.

Nijewier as earste: offisjele Fryske plaknammen

Op 8 july 2021 hat de gemeenteried ynstimd mei de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente. In doarp kin mar ien offisjele namme registrearre ha, hjirmei kaam de Nederlânsktalige plaknamme as offisjele namme foar de doarpen te ferfallen.  Al dizze wizigings moasten trochfierd wurde yn de offisjele systemen fan de gemeente. Sa is fan 1 jannewaris 2023 ôf de nije namme ek te finen op bygelyks rydbewizen en geboarte-akten.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio