7.4 C
De Bilt

Fryske Kultuerpriis De Fryske Marren foar radioprogramma Gaastnijs

Wethâlder Chris van Hes rikke hjoed de Fryske Kultuerpriis út oan de makkers fan it radioprogramma Gaastnijs fan Radio Spannenburg. De programmamakkers Lucas Hoogkamp, Hans Eisma en Wietze de Haan namen de priis fan € 750,- yn ûntfangst.

De sjuery foar dizze priis bestiet út Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en Douwkje Douma-Zijlstra. De sjuery hat Gaastnijs selektearre út 8 ferskillende foardrachten, wêrfan’t sommige meardere kearen neamd binne.  

Sjueryrapport

De sjuery oer de winners: “De winners fan de Fryske Kultuerpriis dogge al jierren geweldich wurk foar de hiele gemeente De Fryske Marren. Se ferslaan nijs op harren eigen autentike manier. Se binne oeral yn ús gemeente te finen. De ynterviewstyl dy’t sy ha is posityf en skerp. Neist it nijs wat se bringe stjoere se ek muzyk de eter yn. De fleurichheid dy’t se ferspriede is in mearwearde foar ús gemeente en foar de Fryske taal. Frysk en Hollansk mei de er beide wêze en dizze lykweardichheid is in foarbyld foar oaren”.

De yntsjinners

Meiwurkers fan Besikerssintrum Mar en Klif en Museum Joure (tegearre falle dy under de stifting Erfgoed, Natuur en Landschap) kamen op it idee om dizze nominaasje yn te tsjinjen. Direkteur Iris Nutma seit der oer: “As it yn bytsje kin, binne de interviews yn it Frysk, se binne oeral, ynterviews binne posityf fan ynstek, op ‘e radio, mar ek (foaral) op Facebook hawwe se in grut beryk”.

Wêrom jouwe wy de Kultuerpriis?

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt, sa as út sifers blykt: 70 oant 80% fan ús ynwenners  praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta. De priis is dit jier foar it earst útrikt op de ynternasjonale dei fan de memmetaal (International Mother Language Day), in inisjatyf fan UNESCO.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio