9.8 C
De Bilt

Trinus Riemersmadei 22 oktober yn Frjentsjer

Trinus Riemersma wie ien fan de grutste nei-oarlochske Fryske skriuwers. De Academie van Franeker organissearret dêrom in Trinus Riemersmadei, dy’t alhiel yn it teken stiet fan de skriuwer fan ûnder oare De reade bwarre. De dei fynt plak op 22 oktober yn Frjentsjer en is Frysktalich. Yn deselde moanne is yn de bibleteek fan Frjentsjer in útstalling oer Riemersma te sjen.

In hiele dei yn it teken fan Trinus

Trinus Riemersma hat twa kear de Gysbert Japicx-priis wûn, de heechste literêre priis fan de provinsje Fryslân. Riemersma wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. De Trinus Riemersmadei fynt dêrom plak yn Frjentsjer, yn De Koornbeurs. Skriuwer Doeke Sijens presintearret moarns in boek oer Riemersma, dy’t syn omke wie. Dêrnei wurdt in nije útjefte fan De reade bwarre presintearre oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. Skriuwster Jetske Bilker hat Riemersma syn bekendste boek omset nei de hjoeddeistige Fryske stavering.

Middeis kinne dielnimmers fan de Riemersmadei yn groepkes prate oer it wurk fan Riemersma, ûnder lieding fan ûnder oare Babs Gezelle Meerburg, dosint Frysk by NHL Stenden. Sy hat har dissertaasje skreaun oer in oar ferneamd boek fan Riemersma, Fabryk. Middeis is der ek in stedskuier troch Frjentsjer by plakken lâns dy’t in rol spylje yn Riemersma syn boeken.

Yn it jûnsprogramma litte learlingen fan de AMS en fan NHL Stenden gedichten fan Riemersma op bysûndere wize hearre en draacht Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, in gedicht foar dat se spesjaal foar de Riemersmadei skreaun hat. Hein Jaap Hilarides fertolket mei in combo lieten fan Riemersma en de jûn wurd ôfsletten mei in toanielstik. Ynformaasje oer programma en tiden op www.theaterdekoornbeurs.nl.

Utstalling yn de bibleteek fan Frjentsjer

Yn de bibleteek fan Frjentsjer iepenet wethâlder Jan Dykstra op 30 septimber in útstalling oer Riemersma’s libben en wurk. De útstalling is gearstald út it argyf fan Riemersma, dat bewarre wurdt by Tresoar yn Ljouwert.

Nederlands: Trinus Reimersmadag op 22 oktober in Franeker

Trinus Riemersma was een van de grootste naoorlogse Friese schrijvers. De Academie van Franeker organiseert daarom een Trinus Riemersmadei, die geheel in het teken staat van de schrijver van onder andere De reade bwarre. De dag vindt plaats op 22 oktober in Franeker en is Friestalig. In dezelfde maand is in de bibliotheek van Franeker een tentoonstelling over Riemersma te zien.

In hele dag in het teken van Trinus

Trinus Riemersma heeft tweemaal de Gysbert Japicx-prijs gewonnen, de hoogste literaire prijs van de provincie Fryslân. Riemersma woonde en werkte het grootste deel van zijn leven in Franeker. De Trinus Riemersmadei vindt daarom plaats in Franeker, in De Koornbeurs. Schrijver Doeke Sijens presenteert ’s ochtends een boek over Riemersma, die zijn oom was. Daarna wordt een nieuwe uitgave van De reade bwarre gepresenteerd aanCommissaris fan de Koning Arno Brok. Schrijfster Jetske Bilker heeft Riemersma’s bekendste boek hertaald naar de huidige Friese spelling.

’s Middags kunnen deelnemers van de Riemersmadei yn groepjes praten over zijn werk, onder leiding van onder meer Babs Gezelle Meerburg, docent Frysk aan NHL Stenden. Zij is gepromoveerd op een ander beroemd boek van Riemersma, Fabryk. ’s Middags is er ook een stadswandeling door Franeker langs plaatsen die een rol spelen in de boeken van Riemersma.

In het avondprogramma laten leerlingen van de AMS en van NHL Stenden gedichten van Riemersma horen op een bijzondere wijze en draagt Sigrid Kingma, dichter van Fryslân, een gedicht voor dat ze speciaal voor de Riemersmadei heeft geschreven. Hein Jaap Hilarides vertolkt met een combo liederen van Riemersma en de avond wordt afgesloten met een toneelstuk. Informatie over het programma en de tijden op www.theaterdekoornbeurs.nl.

Tentoonstelling in de bibliotheek van Franeker

In de bibliotheek van Franeker opent wethouder Jan Dykstra op 30 september een tentoonstelling over het werk van Riemersma. De tentoonstelling is samengesteld uit het archief van Riemersma, dat bewaard wordt bij Tresoar in Leeuwarden.

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio