8.2 C
De Bilt

Wannear is in plaknamme Frysk? Kolleezje fan Pieter Duijff

Wa’t foar it earst troch Fryslân reizget, fernuveret him nochal ris oer de plaknammebuorden. Fakentiids steane der twa plaknammen op, mar guon tiden ek mar ien. Hoe sit it eins mei de Fryske nammen? Dêroer hâldt leksikograaf Pieter Duijff op 8 febrewaris in Frysktalich kolleezje by de Academie van Franeker.

Ferskaat oan buorden

Der is yn Fryslân in ferskaat oan plaknammebuorden: mei ien of twa nammen, somtiden de boppeste grutter as de ûnderste, mar net altyd. Friezen sels fertiizje der ek wolris yn. It taalferskaat binnen Fryslân is mei oanlieding foar dy ûngelikense patroanen fan buorden. Wa’t it skiednisboek fan de Fryske taal iepenslacht, kin lêze wêrom’t Frjentsjer tagelyk Franeker hyt. Wêrom’t de âlde Akademystêd in Nederlânske en in Fryske namme hat. Of liket te hawwen?

Pieter Duijff sketst yn syn Frysktalige kolleezje in byld fan it histoaryske en hjoeddeiske plaknammelânskip yn Fryslân en jout antwurd op al dy fragen. Hoe Frysk of ûn-Frysk binne ús plaknammen eins?

Spesjalisearre yn Fryske plaknammen

Pieter Duijff is al trije desinnia mei de Fryske taal dwaande. Hy hat als leksikograaf benammen meiwurke oan wurdboeken en wurdlisten. Dêrneist publisearret er geregeld oer taalfariaasje yn it Frysk en oer Fryske nammen. Duijff jout ek les oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk op NHL Stenden, oan de Universiteit van Amsterdam, de Afûk en de OSG Piter Jelles. Yn desimber 2022 ferskynde fan syn hân Der dy namma van heten is. It komôf fan plaknammen.

It publykskolleezje fynt plak op 8 febrewaris yn de kolleezjeseal fan de Academie van Franeker (Botniastins, Breedeplaats 1, Frjentsjer). Begjin: 20.00 oere. Tagongskaartsjes foar 10 euro binne fanôf in healoere foar de lêzing te krijen yn de Botniastins. Reservearje kin op academiefraneker.nl

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in

Nieuws uit deze regio